![]() ![]() |
YNFO OER FRYSKEMP3.NLOp Fryskemp3.nl stean allinnich Frysktalige nûmers (streektaal mei ek). De nûmers stean net fisyk op fryskemp3.nl mar der wurdt trochferwiist nei de side fan de band sels. Mocht in rjochthawwende miene dat ien as meardere bestannen yn ús databank hjir net heard dan kin der kontakt opnaam wurde mei fryskemp3.nl. Foar tips as mear ynformaasje stean wy fansels ek iepen.Hoe wurdt de list gearstald? De Fryske delhel top 30 wurdt yn earste ynstânsje gearstald troch te sjen nei it tal kearen dat in nûmer delhelle is. It hat hjirby gjin sin om dyn eigen nûmers meardere kearen efter inoar del te heljen, dêr wurdt fansels rekkening mei hâlden. By in gelike stân is it nûmer dat it lêst taheakke waard it heechst notearre. Der wurdt by de delhel top 30 allinnich nei dizze en de ôfrûne moanne sjoen om ek in nij nûmer de kâns te jaan yn de top 30 te kommen. Tusken de skrapkes stiet de einstân fan ôfrûne moanne (December). De top 30 fan nije taheakkings jout gewoan in list oan fan nije nûmers oardene op datum fan taheakking. De top 30 fan thússiden jout it oantal besykjes dat in thússide krigen hat fan Fryskemp3.nl wjer. De populêrste band top 30 wurdt bepaald troch it totaal oantal mp3's dat fan in band delladen waard. TIP: Om hjir heech yn te kommen kin it dus ek helpe om mear mp3's oan te bieden. Wêrom dy reklame? It yn de loft hâlden fan in ynternetside kost jild. Fansels ha wy gelok dat ús provider net de djoerste is mar allinnich in domeinnamme kostet al sinten. No hat google in hiel moai systeemke úttocht wêrby't relevante advertinsjes toant wurde op siden. Lokkigernôch hat google it ek noch ris goed foar mei it Frysk. Duorret it delladen fan in ferske wat lang, sjoch dan ris nei de advertinsjes. Faaks sit der noch wat foar jim by. |