![]() ![]() | Om 'e noard
![]() Sjonger/gitarist Wim Beckers wie súksesfol mei syn Wim Beckers Groep wylst de sjongeressen Pytrick Bruinsma en Froukje de Jong aktyf wiene yn it kabaretselskip Samar. Bassist Jan Ottevanger wie jierrenlang súksesfol aktyf yn de symfoanyske rockformaasje Pugh's Place en by de folkgroep Irolt wylst pianiste Saskia Zoet jierrenlang de muzikale krêft efter Joy for people wie. Nij is sologitarist Bert Draaisma, dy't earder ek al yn Wiegels Wjukkel Masine spile. Drummer Joop Jongbloed, makket mei romme ûndefining yn tal fan bands it seistal kompleet. Besetting: Pytrick Bruinsma - sang Wim Beckers - sang/gitaar Saskia Zoet - piano Bert Draaisma - gitaar Jan Ottevanger - bas Froukje de Jong - sang Joop Jongbloed - drumstel Thússide: www.omenoard.nl Eamel: Om 'e noard De MP3's fan Om 'e noard |