FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Strawelte

StrawelteStrawelte wie in Fryske punkband śt de omkriten fan De Harkema dy't tusken 1986 en 1990 rūnom yn Fryslān spilen en bekend stienen om harren Fryske teksten en entūsjaste optredens.


De band waard yn't lźst fan 1986 oprjochte troch Foppe Land dy't mei Paul Alma (gitaar), Cor 'Pablo' de Haan (Bas), Johannes 'Smurf' Stienstra (gitaar) en Freddie Ploeg (drums) de band begūn ūnder de namme de Chickencatchers. Harren earste optreden hiene se op 6 maaie 1987 yn it jongereinsintrum it Koartling yn Būtenpost wźr't se ek harren oefenromte hiene.

Nei dit earste optreden gie Johannes Stientra śt de band en begūnen se yn it Frysk te sjongen. De namme waar feroare yn Strawelte en se krigen hieltiten mear optredens. Yn it foarjier fan 1988 stie it earst gruttere optreden op it programma, op Aaipop yn Nijlān. Nei oanlieding fan it ferslach yn de Ljouwerter Krante wurdt fanōf no Strawelte altiten yn ien azem neamt mei de term Willepunk, de oersetting fan it nederlānske pretpunk dy't de ferslachjouwer fan de LC brūkte om de muzyk fan Strawelte te omskriuwen. Ek yn 1988 kaam der in sammelelpee śt fan it Koartling mei derop trije nūmers fan Strawelte.

Neidat se dat jier fjirde waarden yn de finale fan de Kleine prijs van Sneek, stoppe Freddie Ploeg. Syn plak waard ynnaam troch Harry Alma it bruorke fan Paul. Letter diene se ek mei oan de foarrūnen fan it Dokkumer Popkonkours, der wie immen śt Litouwen dy't Strawelte graach foar in pear optredens yn Litouwen ha woe. Dus gie Strawelte yn april 1989 nei Litouwen foar twa optredens yn Vilnjoes en Kaunas. Troch de wiidweidige ferslachjouwing fan de meireizge ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante Jacob Haagsma krigen se hjirtroch ek wer in bulte publisiteit. De bas wie tidens dit Litouwske aventoer oernaam troch Klaas Land, de broer fan Foppe. Nei weromkomst waard de bas oernaam troch Sjoerd Plantinga in fan fanōf it begjin dy't graach meispylje woe.
Ek brocht de band nei de demo Roech as tou, in elpee śt mei de titel Teiwaar yn Tytsjerksteradiel.

Nei in protte optredens, ein 1989 en begjin 1990 beslśt de band der mei te stopjen, it ōfskiedskonsert wurdt op 29 juny 1990 hālden yn Būtenpost.


Mar krekt letter wie der al in reuny optreden op Wāldrock yn Burgum. En yn 1991 komt der noch in sammel-cd śt mei de measte nūmers ūnder de namme Greta's Tits.

Thśsside: www.strawelte.nl
Eamel: Strawelte

De MP3's fan Strawelte

1
2
3
4
5
6
7
8
9
10
11
12
13
14
15