FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Jaap Louwes

Jaap LouwesJaap Louwes is al jierren (sunt plmn. 1984) dwaande mei syn eigenmakke ferskes. Hy lit him oeral hearre fan feesttinte en strjitte oant kroech en teater.

Fan 1986-1992 is hy lid fan de group Bricquebec. Mei dizze groep makke hy "Ik doch't moarn wol!" (1988, LP) en "Lit us mar rinne" (1992, CD). Begjin 90-er jierren wurke Louwes mei oan in jeugd-produksje fan Tryater "De Lystse Seemearmin" en oan it teaterprgramma fan Bennie Huisman "Op syk nei Eeltsje". Hjirby goed troch de mostert helle giet hy troch mei syn belangrykste aktiviteit: it meitsjen fan ferskes en optrede.

Yn 1995 ferskynt de CD "Skobberdebonk" mei u.o. "De Waldwei" en seis jier letter (2001) de CD "Fratsen".

Yn 2003 hat hy my Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Doede Veeman in oantal ''trûbadoersjûnen'' makke. Opnames fan dizze optredens stean op de CD ''Der tuskenút'' (Juny 2004).

En hoe fierder?

It betinken fan ferskes, it tarieden fan in folgende CD en it optreden giet troch.


Thússide: www.jaaplouwes.nl
Eamel: Jaap Louwes

De MP3 fan Jaap Louwes

1