FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Wim Beckers Groep

Wim Beckers GroepYn 1981 makke Wim Beckers syn debút as Frysk(talich) folksjonger op it bekende festivial 'Frentsjip' yn Frjentsjer. De reaksjes wiene dusdanich posityf dat er besleat troch te gean op de ynsleine wei fan de frysktalige folksmuziek en dêrby it top-40 wurk efter him te litten.

Al gau moete Wim akkordeonist, gitarist en banjospiler Cees Bouma út Ljouwert. As duo lutsen hja troch de provinsje, makken hja radio opnames by Omrop Fryslân en spilen sy op ferskate festivals.

Ien fan dy festivals wie it Straatfestival yn Ljouwert. Yn juli 1982 frege dwersfluitist Bart Wijnen, ek út Ljouwert, oft hy ris mei spylje mocht. Dizze gearwurking befoel sa goed, dat besletten waard mei harren trijen troch te gean.

It tal optredens groeide stadich, bynammen doe't hiel Nederlân tsjin de kearnwapens demonstrearre. It repertoire fan Wim, Cees en Bart sleat goed oan by dizze gefoelens. Dat it mei harren trijen foar de wyn gie waard ek opmurken troch platemaatskippij Universe. Dizze brocht yn 1983 de earste LP, ûnder de titel Bart, Wim & Cees op de merk. De resinsjes wiene fol lof en de ferkeap rûn goed, bynammen ek troch it grutte tal optredens.

Mar de aspiraasjes giene fierder. Bynammen fokaal woe men de mooglikheden fierder útbouwe en sa waard Marijke Feenstra frege om mei te dwaan. De stimmen fan Marijke en Wim pasten prima byelkoar. Mar ek muzikaal waard der fierder bouwd. Mei de komst fan Jan Ottevanger as bassist/tuba-spiler, wie de Wim Beckers Groep pas echt kompleet.

Nei mear as 10 jier waard besletten der mei te stopjen.

Thússide: www.wimbeckersgroep.nl
Eamel: Wim Beckers Groep

De MP3's fan Wim Beckers Groep

1
2
3
4
5
6