| Van Wieren
De Fryske band Van Wieren is oprjochte yn 2005 troch de leden fan de rockband Thin Air. Yn oktober 2005 wint Van Wieren de 15e edysje fan it Fryske songfestival 'Liet'. Troch de faksjury wurdt it nûmer ´ Nim dyn tiid ´ al heech wurdearre en ek sawol it publyk yn De Harmonie as de tv-sjoggers fan Omrop Fryslân stimme massaal op Van Wieren. De oerwinning fan it Fryske songfestival hat Van Wieren in soad publisiteit opsmiten.Yntusken wurdt Van Wieren in soad frege foar ferskate radio- en as Tv-programma’s yn Noard-Nederlân. Yn de maaitiid fan 2006 wurdt de singel 'Nim dyn tiid' lanlik útbrjocht. De singel waard opnaam yn de SyCo Studio yn Ljouwert en is produsearre troch Nico Outhuijse en Syb van der Ploeg. Op 14 oktober sil Van Wieren Fryslân fertsjintwurdigje op it Ynternasjonale songfestival foar minderheidstalen. Dit festival wurdt hâlden yn it Sweedske östersund. Van Wieren bestiet út: Robbie van Wieren, sang Harry van Wieren, gitaar Jan Sybren Kingma, gitaar René Westra, basgitaar Sijtze Veenstra, drum Thússide: www.vanwieren.nu Eamel: Van Wieren De MP3's fan Van Wieren |

De Fryske band Van Wieren is oprjochte yn 2005 troch de leden fan de rockband Thin Air. Yn oktober 2005 wint Van Wieren de 15e edysje fan it Fryske songfestival 'Liet'. Troch de faksjury wurdt it nûmer ´ Nim dyn tiid ´ al heech wurdearre en ek sawol it publyk yn De Harmonie as de tv-sjoggers fan Omrop Fryslân stimme massaal op Van Wieren. De oerwinning fan it Fryske songfestival hat Van Wieren in soad publisiteit opsmiten.