FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Piter Wilkens

Piter WilkensPiter Wilkens is in sjonger/gitarist en lietsjeskriuwer. Syn repertoire is in mjuks fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rok 'n' roal. Fan willepunk oant folkfers, fan jankfodden oant ballades. Hy skriuwt it measte sels.

Hy spile op mannich festival as feestsje. Yn ferskate, teaters, kroegen, radio- en t.v. programma's. As 'Fryske Trûbadoer' is er sa stadichoan de hiele wrâld oer west. (Feriene Steaten, België, Poalen, Litouwen, Eastenryk, Frankryk, Ierlân en Dútslân) Mei de band Okke Hel stie er yn 1979 oan 'e basis fan de fryske popmuzyk.

Oant no ta binne der fiif solo albums útkommen. Sy hearre ta de bêst ferkochte folslein frysktalige skyfkes ea. 'Sjongersbloed' út 1993, 'Timmermantsjoender' út 1996 en 'Nocht en Wilkens' út 2000. De fjirde 'Greideroas' is in CD yn oparbeidzjen mei De Fryske Jeugd Brassband en 'Romtefyts' is in echte 'band' CD wurden. Piter is ek warber as skriuwer en producer foar ferskate oare artysten.

Mei 'Simmer 2000' wie er te sjen yn it tige súksesfolle muzykspektakel 'Simmertime', in produksje fan De Kast, wêr 't ek Maaike Schuurmans en Rients Gratama oan mei diene. Op 19 en 21 april 2001, soarge er tegearre mei in begeliedingsband, foar twa folslein útferkochte konserten yn de Harmonie fan Ljouwert. Yn 2002 waard dat werhelle mei noch in ekstra konsert yn de Lawei fan Drachten.

Piter treedt solo op, mar ek mei in pleatslik korps, mei eigen begeliedingsband as op in saneamde 'Troebadoersjûn' mei kollega's Jaap Louwes, Gurbe Douwstra en Doede Veeman.

Thússide: www.piterwilkens.nl
Eamel: Piter Wilkens

De MP3's fan Piter Wilkens

1
2
3
4
5
6
7
8