FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Griet Wiersma

Griet WiersmaGriet Wiersma waard berne yn Driesum as jongste dochter fan Wietse en Anna Bieringa. Se hat in âldere broer en sus. Yn 1979 is Griet boaske mei Leo Wiersma wêrmei't hja de winkel en it bensinestasjon fan har heit en mem oernaam hat. Griet hat 2 bern, in soan mei de namme Durk en in dochter dy't Anneke hyt.

Yn 1989 bin se stopt mei de winkel en bin se ferhûze nei Wouterswâld. Dêr is Griet taxirider wurden, in machtich berop. Ek is sy dêr begûn te sjongen. Har suster sei dat se mear dwaan moast mei har stim en dat se by in band gean moast. Earst like dit Griet neat ta mar úteinlik hat se dochs trochpakt. Sa begûn Griet mei “De Happy Tuners”. Doe't de band ophâlde moast gie Griet fierder mei de band “Challenge”. By ien fan de optredens moete Griet Teake van der Meer.

Dy frege har doe om mei him op te treden mei de show troch Fryslân. Sa barde it dat Griet yn 2000 mei Teake en Minze Dijksma troch de provinsje luts.

Yn 2001 kaam de show “40 jier Lytse Teake” en foar dy show hat Griet it nûmer “Frysk Hynder” skreaun.

Dit liet hat Griet yn de Lawei en de Harmonie songen en minsken wiene dêr sa entûsjast oer dat hja it nûmer graach keapje woene. Griet dûkte de studio yn en kaam doe mei de mini ks fan itt Frysk Hynder. Dizze waard sa goed ferkocht dat der moast mar in folslein album komme. Tegearre mei producer Fred van Vugt is doe it album “Frijheid” opnaam. Griet ryd al net mear op de taxi want it wie net mear te kombinearjen mei de optredens.

It jier dêrop kaam der in album mei in ferskaat oan âlde lietsjes. Dit krige de titel “Werom yn 'e tiid”. Yn oktober 2005 kaam al wer har tredde album út dat “Sirkel fan’t libben” hyt. Ek stiet hjir in duet op mei har dochter Anneke.


Thsside: www.grietwiersma.nl
Eamel: Griet Wiersma

De MP3 fan Griet Wiersma

1