FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Spoar 5

Spoar 5It idee foar spoar 5 is sa'n 5 jier ferlyn betocht John & Jeroen. John wie ergens yn in bedriuw glésflys oan it plakken, doe't Jeroen dêr ek binnen stuitere.

Se rekken oan 'e praat en al rap hiene se it wer oer muzyk. Sa frege Jeroen: ''hé Breed, spilest nog wol ris?'' Breed: ''oh, jawol in bytsje mei de drum kompjûter'' No, dat moast dochs oars fûnen de bassist (John) en de drummer/sanger (Jeroen) mar der moast noch wol in gitarist by. Dy wiene dreech te finen.

D'r gienen twa 'n heal jier foarby, doe't by in optreden fan Piter Wilkens op 'e Gaastdyk, Jeroen, Michel tjin it liif rûn. Nei flink wat bier kaam it praat op muzyk.

Jeroen: ''wist ek noch in gitarist foar my?'' Michel: ''no, dat wol ik wol dwaan, mar dan moat der noch wol in gitarist by.'' No, dat wie nûmer 1, no de twadde noch.

De twadde gitarist waard fûn yn Rick. Jeroen krige de tip fan Rick syn sus. Mei de Sint Nykster merke waard Rick oan 'e tosk field.

Jeroen:''wolst ek in potsje gitaar spylje by ús?'' it antwurd waard: ''JA'' Nei in toarstige merke waard der in jûn ôfpraten om ris te hearren wat elkenien foar ideeén hie. Dat wie 24 September 2005,

Wer in jûn mei in soad drank, in soad praat & ideekes. Der waarden wat nûmers ôfpraten en op ks set en de foarste oefendatum wie 2 wike letter.

Oefenje by mark en annie yn 'e loads. Mar Jeroen hie al 10 jier net mear achter in drumstel sitten, en dan ek nog sjonge gie op dat momint net samen.

Der moast in nije drummer as in nije sanger komme. Dyselde jûn moasten Jeroen en Michel noch nei in buurt BBQ fan 'e Gaestdyk. Dêr waard betocht dat der op 'e gaastdyk noch in ''fette'' drummer wenne. Erik hiet er. Erik waard frege om drummer te wurden en hy antwurde mei in dikke ''JA''.

De band is kompleet, no noch in namme. (dat is moeilijker dan datst tinkst). Dochs waard op in geniale wize de namme Spoar 5 betocht. Dizze namme waard betocht tiidens in oefensesje by Mark en Annie op 'e rylst, efter yn 'e loads. Wy hiene toarst en om dat it nochal in ein rinnen wie nei de kuolkast fan út ‘e loads ha wy in lange kabel, mei oan it einde in boks, by Mark en Annie yn ‘e hûs setten en oan slúten op spoar 5.

At wy dan honger of toarst hienen, hoechden wy allinnich it SPOAR 5 mar iepen te setten. En sa libben wy noch lang & gelokkich.


Thsside: www.spoar5.nl
Eamel: Spoar 5

De MP3's fan Spoar 5

1
2