FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Rekkendei

RekkendeiYn it jier 2000 stjoerde de famylje Draaisma in liet yn foar LIET. Sa kamen hja yn de finale fan dit Fryske songfestival. De band hie ik namme nedich. Der waard in wurdboek bypakt en sa waard der blyn in namme keazen. Dat wie dus Rekkendei ( betaaldag ). Neidat drummer Gertjan de Valk by de groep kaam waard der in eigen repertoir makke mei Ingelske, Fryske en Nederlânske ferskes. Yn 2002 hat de gitarist him ynskreaun foar in lanlike gitaarkompetysje. Sa mocht er him in jier lang de bêste Gitarist fan Noard-Nederlân neame. De band soe ein 2003 in optreden mei bluesgigant Magic Frankie dwaan dat dêrfoar waard fersterking socht yn de foarm fan toetsenist, mûlharpspiler en sjonger Martien Plaatsman. It optreden gie spitigernôch troch sykte oer. Mar de gearwurking mei Martien gie wol troch. Hy sit no ek fêst by de band. It repertoir fan Rekkendei is in miks fan jazz, blues en rock. De komposysjes bin fan gitarist en sjonger Rients Draaisma.

Thússide: www.rekkendei.nl
Eamel: Rekkendei

De MP3 fan Rekkendei

1