FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Swee

SweeBerte en earste stappen fan Swee

Op 5 novimber 2003 hlde Reboelje yn Kbaard in parsebyienkomst oer it beslt fan e groep om der nei goed 16 jier, njoggen cd-albums en trije muzykteaterproduksjes mei op te hlden. Omrop Frysln en oare media hawwe wiidweidich ferslach dien fan dy byienkomst.
Op 5 novimber 2004, krekt in jier nei dato dus, lizze Rommert Reitsma (drums), Tsjerk Bootsma (sang, toesten, basgitaar en blaasynstruminten), Tiede Lanting (sologitaar) en Durk Hogendorp (slachgitaar en sang) de (domein)namme fst foar har nije band:

Swee (www.swee.nl)

De namme Swee (Nederl.: zwad, rij gemaaid gras), as opfolger fan Reboelje, is ynjn troch de siswize Jins (eigen) swee gean (Dyn [eigen] gong gean).
Tusken novimber 2003 en novimber 2004 ha de fjouwer hearen fan Swee dwaande west mei de fskiedsjn fan Reboelje yn Burgum (1 maaie 2004), it ntwikkeljen fan in eigen ld en it skriuwen fan nije lietteksten.
Op it stuit is Swee in soad te finen yn e Cryptic Studio te Ljouwert. Mei producer Phil Mills wurdt dr hurd wurke oan e earste cd fan e band. Dy skiif sil yn e rin fan 2005 ferskine. Foar de lju dyt net wachtsje kinne wurde ynkoarten alfst in pear demotracks op e webside fan Swee set.
Swee komt op 2 april 2005, de jns yn De Pleats te Burgum, foar it earst mei it muzikale wetter foar de publike dokter. De groep hopet dan ek in soad fans te treffen t har Reboelje-ferline. Want dat binne earst en meast dejingen dyt oardielje kinne oer it ferskil tusken juster (Reboelje) en hjoed (Swee).

Oant Swee!

Tsjerk Bootsma (sang, toesten, basgitaar en blaasynstruminten)
Durk Hogendorp (slachgitaar en sang)
Tiede Lanting (sologitaar)
Rommert Reitsma (drums)

Thsside: www.swee.nl
Eamel: Swee

De MP3's fan Swee

1
2
3
4