FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Helder

HelderDe band Helder hie in fleanende start. Ear't Roelof en Sido Wagenaar, Bernhard Holtrop en Albert
Dam der erch yn hiene, stiene hja foar in folle skouburch yn Ljouwert te spyljen. It earste optreden fan de band waard bekroand mei in steande ovaasje en de kritisy wiene fol lôf tidens Liet 2001, it
Frysktalige songfestival. It jier 2002 waard bynammen brûkt foar it skriuwen fan mear nûmers en wylst wûnen hja ek noch de publykspriis op it Noardl Nederlânske lietsjesfestival. De sjuery joech harren ek noch ris de twadde priis. De band waard dêrnei op lokale, regionale en provinsjale radiostations
draait. Omrop fryslân TV makke yn april 2003 in spesjale útstjoering oer de band dy't dêrnei foar tal fan optredens soarge.

Yn Augustus 2003 dringt Helder troch yn Hilversum en wint de moannefinale van NCRV-Volgspot by radio 2. De yn eigen behear makke klip by it Frysktalige nûmer "Gemis" hat sa'n fjouwer moannen draait op “The Box”.

Besetting:

Roelof Wagenaar: Gitaar en Sang
Sido Wagenaar: Drum en Eftergrûnsang
Bernhard Holtrop: Bas en Eftergrûnsang
Albert Dam: Keyboard en Eftergrûnsang

Thsside: www.helderonline.nl
Eamel: Helder

De MP3 fan Helder

1