FRYSKEMP3.NL

Fryskemuzyk.nl foar al jo Fryske muzyk op cd


Fryske winkel foar al jo Fryske muzyk op cd

Jitiizer

JitiizerWy kinne it ús yntinke dat minsken har ôffreegje wêrom at wy foar de namme JITIIZER keazen hawwe. Dit wurd komt yn it Fryske wurdboek bygelyks net iens foar. Wol dat sit sa: Yn de Heavy metal wrâld wurdt der in protte brûk makke fan metaal. Nim bygelyks de musykbenammings heavy metal, death metal, black metal, de nammen Agent Steel, Iron Maiden, Metallica, Iron Fist ensamear. Wy moasten dus in namme fan metaal hawwe. Fierders hawwe alle bands keazen foar hurd metaal of oare hurde saken sa as Skull Crusher, Artillary, de musykbenamming hard core ensfh. Omdat wy in nije rjochting ynslaan woene dy t besjoen wurde kin as in persiflaasje op musyksoarten sa as heavy metal hawwe wy keazen foar in sefter metaal: JITIIZER.

It wie fuort al dúdlik dat wy ús gefoelens net yn de Ingelske en seker net yn de Nederlânske taal uterje koene, dêrom hawwe wy foar it Frysk keazen. En omdat ús musyk net te pleatsen wie ûnder in bepaalde metaal foarm...., moasten wy ek in namme krije dy't net yn it wurdboek te finen wie. JITIIZER stiet ommers yn it wurdboek as "getten iser". Yn ús dialekt wurd noch wol faak sein: "hjit-iser". Dan makket de skriuwwize it ferhaal kompleet.

De nije musyksoart waard Tonger core neamt.

Besetting
Hendrik Boonstra - Tongersnút
Martin Roffel - Bongelmepper
Josse Brinksma - Tridderauser
Wilco Kuipers - Triddepieler
Ronald Jellesma - Baskepulker

Thússide: www.jitiizer.nl
Eamel: Jitiizer

De MP3's fan Jitiizer

1
2
3
4
5
6
7
8
9
10
11
12
13
14
15
16
17
18
19
20
21
22
23